Waarstasjon Skettens

Klaas Ybema 

      
 


WAARSTASJON SKETTENS METEOJIER 2016
Temperatuer (C) Jier Normaal Record
('81-'10) (sûnt '69)

Gemidd. maksimum 13.0 12.9 
Gemidd. etmel 10.6  9.6
Gemidd. minimum  7.4  6.5
Heechtste (+datum 31.4 (20/7) 33.0 (1990)
Leechste (+ datum) - 6.0 (29/11)        -21.0 (1979)
Tal iisdagen   3 10 38 (1996)
Tal froastdagen 40 49 96 (1996)
Tal waarme dagen 86 60 93 (2003)
Tal simmerske dagen 15 13 30 (2006)
Tal tropyske dagen  3  1  6 (1975)

By in iisdei friest it it hiele etmel, by in froastdei leit de leechste temperatuer ûnder nul.
By in waarme dei komt de heechste temperatuer oant 20 graden of mear, by in simmerske
boppe 25 en by in tropyske boppe de 30.

Delslach (mm)

Totaal 743.9 774 966.8 (2012)
Heechste deisom  26.4 (19/10)  56.3 (2012)
Dagen hagel  16  17  39 (1981)
Dagen tonger  12  23  33 (1998)
Dagen snie  15  21  53 (2010)

De winter stelde opnij neat foar en de maaitiid kaam mar stadich op gong.
Nei sniebuien ein april waard it yn maaie waarm en sinneskynwaar. Juny brocht op plakken
swiere buien. De simmer wie wikselfallich, maar frij waarm. Foaral ein augustus en septimber
wie it waarm, mei noch 30 graden op 13 septimber. Ein novimber wie it froastich.
De kâlde nachten om Sinterklaas hinne folle al bûten dit oersicht.
It jier wie wer dúdlik te waarm mei mear sinne as nrmaal.
 De tabel jildt foar 1 desimber 2015 oant en mei 30 novimber 2016 (meteojier).

 


WAARSTAJON SKETTENS DESIMBER 2016      Normaal Record
      2016        ('81-'10) (sûnt '69)
Temperatuer (C)

Gemidd. maksimum         7.1          5.4 
Gemidd. etmel         4.8          3.3                     9.0  (2015)/-1.7 (1995)
Gemidd. minimum         2.7                  1.1 
Heechste (+datum)        10.3 (26)           13.8 (1977)
Leechste (+datum)        -7.9 (5)                  -18.8 (1981)
Tal froastdagen 6  11    28 (2010)
Tal iisdagen                 0           3                    13 (2010)


In froastdei is in etmel mei froast, in iisdei is in etmel mei de temperatuer net boppe nul komt.

 

Delslach (mm)

Totaal       30.1      71.8    145  (1977/ 25 (1995)
Heechste deisom 15.6 (11)              37.3 (1994)
Dagen snie          0        4      17 (1981)  
Dagen hagel  0                2       9 (1980)
Dagen tonger  0                1               6 (2011)

Nei de kâldste Sinterklaasnacjt sûnt 1933 wie it gau oer mei de winter. Hegedrukgebieten leine op it ferkearde plak foar kâld waar,
mar joegen wol beskerming tsjin depresjes fan 'e oseaan. It gefolch wie in protte myld, drûch en rêstich waar.
It rêstige waar waard allinne ûnderbrutsen op 'e 11de, doe't de helte fan alle desimberdelslach foel, en mei de krystdagen, doe't it
ûnlijich wie. It wie gemiddeld folle mylder as normaal, mar dochs wie it de kâldste desimber sûnt 2012. Fierder hiene we de
drûchste krystmoanne sûnt 1995 en hoewol it faak griis en dampich wie (14 mistdagen!), skynde de sinne dochs langer as normaal.