Achte doarpbewenners en gasten út Skettens

Wy witte allegear wol dat it libben syn moaie kanten hat, mar der binne ek drôve dagen mei in protte  fertriet. Bern komme op’e wrâld, foar oaren komt in ein oan it ierdske bestean. Op 28 novimber is in ein kommen oan it libben fan Sjoerd Postma. Troch syn rynske jefte koe de haven, dy’t alhiel fertuteaze wie, wer ta nij libben komme. By it hinne gean fan minsken sjitte wurden te koart derom wol ik  foarstelle in momint fan stilte te hâlden en oan him tinke.
Ferline jier mei it ferslach fan ’e haven wie it allegear winter dat ik moatst wol in oare pet opsette en dat doch ik no ek wer. Ferline wike wie de haven noch tichtferzen, der koe gjin boatje mear yn of út. Mar ek reedriden wie tige nuodlik dat de iismaster moast der wer op út. De earste kear kaam er net fierder as Martin en Gemma, dêr lei noch gjin 2 cm. iis. In dei letter oan Boalsert en it Eksmoarstersyl ta, mar it iis wie te tin. Boppedat stiet op ’e hoeke nei Eksmoarre ta in grut wek en ek by de dûker ûnder de rykswei nei Boalsert. Dat der kaam yn de haven in boerd mei de tekst; Nuodlik iis, en foar wa net Frysk lêze kin stie der noch by; Gevaarlijk ijs. De deis dernei foel er in tin laachje snie wat it iis noch nuodliker makke.
Doe kaam der de hurde wyn, de snie waaide fuort mar de wekken waaksten mear as fiif meter yn ’t oere. Letter foel der noch folle mear snie dat it boerd is yn ’e haven stean bleaun oan’t de tei ynfoel.
Ferline jier hat Nanne de baan oan it krúswetter ta fage. De iiswegensintrale hat op fersyk fan ’e iismaster de rest dien. Dat men koe fanút Longerhou op redens hiel Fryslân troch. Der kamen sels lju fier buten ús provinsje op besite yn ’e haven.
Spitich dat it doe nei in pear dagen begûn te teien.
Guon minsken fine dat de iismaster wolris wat te folle weaget, dêrom moat er no iisbiters meinimme as er it iis opgiet. Foar de wissichheid haw ik se ek fan ’e jûn
mar efkes meinommen en ik wol elsenien oanride: “Gean nea op nuodlik iis sûnder iisbiters, it kin jin it libben rêde”. Spittich it iis is wer fuort, dat ik set de oare pet werop.

Wy witte allegear wol dat de haven fan Longerhou in hiel bisûndere haven is, dêr spiele soms de meast frjemde dingen oan, ferline jier wie dat û.a. in nôflike tún-
stoel. Dizze stoel is wrâldferneamd wurden, hat twa kear mei foto en al, de krante helle en dat noch wol yn it haadblêd fan Fryslân. Oer it gehiel nommen witte wy wol dat de krantelju hjoed de dei better lige dan skriuwe kinne.  De stoel dy’t yn’e iistiid tsjinst die by it opbynen fan’e redens wa doe it tei waar waard tusken de betonnen plankedragers set. De stoel kaam op de foto mei de tekst derby dat it yn Longerhou by de haven mar in suterige boel wie, banken sûnder planken, dan mar in stoel der tusken. Soks swetsen kin Anneke de poartehoedster fan Longerhou fansels net ferneare. Hja hat de minsken yn Fryslân de wiere wierheid fertelt oangeande de haven, Anneke tige tank!
No wy it dochs oer de banken hawwe, de planken wurde der yn ’e lette hjerst ôfhelle, opburgen en yn ’e iere maitiid wer as gloednij pleatse, dan sa glêd as in iekel. Sa as ik ferline jier al sei: “Mei Lieuwe as bankdirekteur hoege wy yn Longerhou net yn noed te sitten. As de banken goed en betrousum binne dan komt de rest fansels wol. Dat hawwe wy it ôfrûne jier allegear sjen kinnen. De haven lei fol, der wie amper genoch plak foar de boatsjes Nettsjinsteande dat de grutste boat dy’t jierren yn’e haven lein hat ferfean is nei in oar lizzersplak. Foar Sinterklaas is it wat sneu no’t de stoomboat fan Durk de haven ferlitten hat, mar lokkich binne der noch genoch lytsere boatsjes. Boppedat is it tal bern yn Longerhou net mear sa as allear, doe hiele kloften, no in pear. Foar de âlderein kin der dochs net mear in presintsje ôf mei al dat bekloekjen op it pensjoen. Mar ien treast, hja kinne op har âlde dei, by simmerwaar, harren noflik del jaan op ien fan’e âlde en dochs ek wer gloednije bankjes bij de haven. Lieuwe tige tank!
Fan’e helling is wer in fiks oantal kearen brûkme makke, troch eigen bewenners mar ek troch minsken om útens. As it in grutte boat is freget it wol in bytsje stjoermânskeunst en moat it hiem fan ’e havenmaster brûkt wurde. Soks jout gjin swierrichheden, allinne yn desimber mei in protte wiet waar liet it wol djippe spoaren nei. Mar wat pún fan’e âld toer en dat probleem wie ek wer oer. Yn begjin jannewaris wie de earste boat der al wer, lju dy’t fan fiskjen hâlde. Fjouwer snoeken it kin net op!
Ien kear is fan it offisjele karke brûk makke. Itselfde karke dat ek brûkt is by it iepenjen fan ‘e haven. It gie as it slydjage, sels noch in bytsje hurder dan dat.
Wy witte allegear wol dat de haven de fleur fan Longerhou is en dat komt troch de prachtige blombakken besoarge troch de firma Brandsma. Al jierren fan ’e iere maitiid oan’t de lette hjerst is allegear kleur en fleur by de haven. Nimt de bloeikrêft wat ôf dan steane der samar wer nije blommen. De bolkrysanten yn ’e hjerst dogge
it ek altyd tige goed in prachtig sicht by it kleurjen fan ’e blêden. Firma Brandsma tige tank!

De blommen wurde altyd tige goed fersoarge troch in tal doarpsbewenners ûnder lieding fan ús haadfrou Tryn. It is noch in hiel wurk om de blommen op tiid wetter te jaan en se sa no en dan wat by te snoeien. Mei troch harren wurk kin elsenien genietsje fan ’e blommepracht by de haven. Tryn en al de oare meiwurkers tige tank!
Begjin ferline jier hat ek noch in sjoernaliste lâns west, Liza Zilver. Hja hie de opdracht in ferhaal te skriuwen oer in lyts doarp yn Nederlân. Fansels waard dat Longerhou. As âld ynwenner, dêr hikke en tein, hat earst Theun har it ien en oar fertelt oer syn libben yn dit doarpke. Nei in kuiertocht mei Anneke troch Longerhou kaam hja by de havenmaster. No dy man hie fansels ek in protte te fertellen, de
hiele skiednis fan ’e haven en dan it deistich barren by de haven. It lei foar de hân dat hja ek in besyk bringe moatst oan de katedraal lofts fan de haven. Under lieding fan Tryn waard de tsjerke besjoen en fol fjoer fertelde hja oer de preekstoel, it mozayk, it oargel, it oerwurk, de klok en it libben as kosteres. Mar Liza woe mear,
nei boppen yn ’e toer en de havenmaster moast mei. Op sokke mominten barre der soms frjemde dingen, it ljochtknopke wie net mear te finen. Dan mar yn it tsjuster
by de ljedder op. Fansels wie it in hiel weachstik mei in tsjep jong frommis yn’t heal tsjuster omheech te klimmen de âld toer yn, mar jimme witte it berôp as havenmaster is nuodlik en tige swier. Yn it skimmerljocht  waard it oerwurk en de klok bewûndere, en it moaie útsicht troch de gibbegatten.

Feilich werom by de haven binne wol tweintich foto’s makke fan de haven en de havenmaster, fansels giet it net om de persoan, mar om de pet want de pet dy makket de man.
Ja, minsken meie graach nei Longerhou en wêr is it dan moaier as by de haven. Ek âld ynwenners komme gauris lâns. As de havenmaster thús is kinne se dêr in bakje koffie drinke en dan komme de âlde ferhalen oer de tiid fan alear wer boppe.
Yn ’e lette maitiid stiene twa froulju by de haven. Hja wiene wei fan ’e rêst om
harren hinne en ek fan ’e wylde blommetúnen flak by de haven. Se fregen my ôf’t
der  ek in bêd en brochje wie want it like harren skoan yn ’e simmer om fanút Longerhou wat tochtsjes troch Fryslân te meitsjen. Sa foar de gek sei ik: “Bêd en brochje is hjir net mar ik tink dat yn it kantoarenkompleks fan ’e havenmaster noch wol wat romte is. Ik sil jimme syn telefoannummer jaan”.
Sa siet dy goede man opienen opskeept mei twa froulju. It wiene twa pianisten, ien út it easten fan Nederlân de oare út Dútslân. Fansels wiene hja tige te sprekken oer Longerhou, wier in doarpke om ta rêst te kommen yn harren drokke bestean. Dan de boattochten fan út de haven, efkes lins yn in oare wrâld. Mar ek foar harren gie it libben gewoan troch, hja sieten flak foar in tal keamerkonserten en fregen ôf’t hja yn ’e tún oefenje mochten.
Om de buorlju net ta lêst te wêzen, binne hja útnoege om sa’n proefkonsert by te wenjen.
Fan beide kanten hat it skoan foldien. By libben en wolwêzen hoopje hja dit jier wer te kommen en dan foar hiel Longerhou in konsert te jaan yn of by de haven. It leit foar de hân dat gasten út Skettens dan ek wolkom binne.
Sa as ik al sei, it wie ôfrûne jier tige drok yn’e haven. Minsken dy dêr komme te fiskjen, toeristen, âld ynwenners en dan de boatsjelju. Lokkich hat de havenmaster syn trouwe assistint, Jan Ottens út Snits. As it moat komt er sels op de fiets oer. Wol is him te kinnen jûn dat er net wer yn it heechseizoen op fakânsje mei, dat kin net mei sa’n drokke baan. Ja it giet tige goed yn’e haven. Fan de kredytkrisis hawwe wy alhiel gjin lêst. It oantal boatsjes is mei 100% tanommen. It kin net better!

Allinne it walhout jout soargen dat der moat  wer oerliz komme mei de gemeente. Yn ’e iere simmer sille wy wer ien fan ’e gemeente útnoegje om mei ús de saak ris te besjen. Fan’e driuwpuollen hiene wy dit jier net safolle lêst mar ien kear wie it goed mis. Der kaam gjin driuwpuolle oandriuwen mar in hiel eilân. As’t net al te swier wiest koest fan ’e iene kant fan ’e haven nei de oare kant rinne. Foar de boatsjes
wie it in tige grut lêst. Mei man en macht is it eilân by de helling opskourd, fansels ûnder lieding fan Nanne. Troch syn wrotten bliuwt de haven aloan skjin. Nanne tige tank!
De gemeente hat nei in pear kear skiljen de brot ophelle, in grutte frachtauto fol. It oanspielde flot koe net mei der moast in oare frachtauto foar komme.
De linebeamen by de haven dogge it tige goed, se hawwe no in moaie folle krún. De beide nêstkastkes yn ’e linebeamen wiene bewenne sûnder dat ien it murken hat sa sieten se beskûle tusken it tichte blêdetek. De iisfûgel is net yn ’e haven sjoen en de grutte wite reiger ek net. Wol hat op in snein in ielgoes de hiele moarn op ’e helling sitten, wierskynlik fielde er him net al te sûn en moast ta rêst komme en wer kin soks better as yn ’e haven fan Longerhou. De markol hat fiif jongen grut brocht en wie hast alle dagen yn en rûn de haven te sjen. Sa goed as ik wit binne der gjin muskusrôten fongen yn ’e izerenfûke ûnder it brêchje. It soe moai wêze dat, de fûke dêr er foar goed wei koe want it is wolris in bytsje lêstich foar de boatsjes.

Yn’e wyldeblommetúnen by de haven bloeie in protte ayttablomkes ek by de haven binne der in pear plante. It soe moai wêze dat hja har ek dêr útwreidzje. It ayttablomke is in hiel bisûnder blomke want it bloeit al yn begjin jannewaris. Oan it ein fan it jier waarden de minsken yn Longerhou bliid makke mei in bjústerbaarlik moaie foto fan de haven.
Sa koene hja yn ’e smûke húskeamer, efter de waarme kachel of ûnder de krysbeam genietsje fan harren moaie haven.
Ruud tige tank!

Ik soe noch wol folle mear fertelle kinne oer de haven mar de tiid hâld gjin skoft. Wolle jimme mear witte, else woansdei hat de havenmaster sprekoere, kom ris lâns dan kinne jimme genietsje fan ’e haven en de ayttablomkes.
Bisûnder binne ek de sinne-ûndergongen yn de haven. Ja, Longerhou mei grutsk êze op de haven en dat is mei te tankjen oan Sjoerd Postma. Havenmaster Sybren Renema

 

 


 

Haven yn Longerhou yn 2011

  De havenmaster fan Longerhou.

Achte oanwêzigen,

It is foar my as havenmaster altyd in hiele ear om yn dit selekte selskip it ien en oar te fertellen fan it barren yn en run de haven fan Longerhou.
Jimme tinke fansels dy man hat it no tige noflik no alle boatsjes stiif beferzen yn ‘e haven lizze. Mar neat is minder wier.
In oare pet op en hy moat der by nacht en ûntiid op út om te sjen oft it iis wol fertroud is. In tige nuodlik berop. Guon ynwenners fan Longerhou meitsje harren wolris soargen oer syn weachhalzerij. Sa ek de twadde havenmaster, Jan Otten út Snits. Okkerdeis stie er by de haven, de hân boppe de eagen, diggerjend oer it wide wetter, yn tûzen noeden, him offreegjend wer bliuwt dy sleauwe sikkes no.
Doe’t ik einlik oankaam op redens fansels, krige ik earst in fikse útbrander mar yn ‘e karavan stie de waarme poeiermolke klear, soks fergoedet in soad.
Troch de hurde wyn sieten der in protte wekken yn it iis, dat der kaam in boerd  yn ‘e haven mei de tekst: ‘GEVAARLIJK IJS, DE IJSMEESTER. It iis is tige link. It is noedlik om te reedriden.’
Foaral doe’t der snie fallen wie, wie it tige link om op pit iis te rinnen, op guon tichtferzen wekken lei net mear as oardel sintimeter iis. Dat it boerd bliuw in pear dagen yn ‘e haven stean en guon ynwenners moasten warskôge wurde dat it noedlik wie om op it iis in kuiertocht te meitsjen.
Doe’t ik op in jûn it boerd wer by de haven weihelle hie, stie der by skreaun: ‘Groeten uit Schraard! IJsmeester uit Schraard.’Soks docht dochs goed, sa’n meilibjen.
Ofrûne snein bin ik der wer op út west, ik kin it hjir rêstich fertelle want ús dûmny is net oanwêzich en ik wit jimme klikke net. De iismasters út Eksmoarre wiene dwaande de dikte fan it iis te mjitten, it like tige goed dat it boerd koe út ‘e haven.
Spitich dat troch de snie it iis bedoarn wie, dat reedriden waard tige dreech. Dy sneins bin ik ek raar ûnderút gien, de âlde bonken kreaken der oer en by ljochtskyn dei wiene it allegear stjerren, yn it iis en boppe it iis.
Ja de snie hat hiel wat te weech brocht, yn Skettens moast de baan feecht wurde foar de âlvestédentocht en ek yn Longerhou hat Nanne drok dwaande west mei in baan fanút de haven oan’t it krúswetter ta.
Ofrûne jier binne der gjin wrakken oanspield yn ‘e haven mar wol in noflike stoel dy’t no tsjinst docht foar it opbinen fan de redens. De eigner kin him fergees ophelje, mar moat fansels wol havenjild betelje. Wol is der noch in flot ûnderweis dat no noch ynferzen yn it iis sit.

 

Ek de driuwpuollen krigen it ôfrûne jier gjin kans om de haven ticht te slippen sa’t yn ’t ferline bard is, altyd stie Nanne mei de hekkel klear. Tige tank.
Ferline jier is der in protte by de haven feroare.
De mânske linebeammen binne koartwike, de krún is der alhiel úthelle. It like earst tige mal, allinne de stam noch en in pear tsjokke tûken dy’t nei de loft wiisden. Mannichien hat him ôffrege, komt dit wol goed, foaral doe’t ek noch in part fan ‘e woarels ôfhakke waarden.
De haven is hielendal op ‘e nij ferfluorre en leit der no tige kreas hinne, alhiel gjin stroffelstiennen mear.
Us nije gemeene hat de tasizzing dy’t Wûnseradiel dien hie wier makke. Tige tank.
En de beammen? Se siene der it ôfûne jier tige moai by mei in prachtige beheinde krún.
Ek de banken wiene wer tige kreas, salang Lieuwe bankdirekteur is hoege wy yn Longerhou net yn noed te sitten oer de kredytkrises, wy kinne ús by’t simmer altyd noflik op é bankjes deljaan, genietsjend fan it wiidse wetter. Lieuwe tige tank.
By Martin en Gemma is in stik nije wâlbeskoaiïng kommen ek in part fan it hiem en de oprit is op ‘e nij fluorre. Ja der bard wol wat by de haven.
E kit ôfrûne jier wie it wer allegear blommepracht by de haven, earst de grutte blombakken, grôftol prachtige blommen. Spitich dat de simmer it wat sitte liet, mar net tsjinsteande dat wie it allegear kleurepracht, ek mei troch de fersoarging fan in tal doarpsbewenners, ûnder lieding fan Trijn. Tige dtank.
Yn ‘e hjerst kamen de bolkrysanten, earst wite en doe’t dy útbloeit wiene, bolkrysanten yn ferskate kleuren. Troch de sêfte hjerst hawwe de krysanten oan’t it ein fan jier ta bloeit. De firma Brandsma, tige tank. Wêz no earlik, wat soe de haven wêze sûnder Brandsma’s blommepracht.
Fansels binne der ek wol soargen, de wâlbeskuoiïng wurdt der net better op, siz mar rêstich op guon plakken poer min. Foar griene planten en paddestuollen wol moai, mar de havenmasters krije der grize hierren fan.
Lokkich hat de gemeente tasein dat se yn gefal fan need yngripe soene. Wol soe it goed wêze om wer efkes kontakt mei de gemeente op te nimmen.

Ek it lit fan ‘e strontput by de haven is skeind. Mei Nanne sil it kommende maitiid besykje der ferbettering yn te bringen, want dit stikje ferline moat net ferlern gean, it docht tinken oan it winterwaar fan alear.
Oan besite hie de haven it ôfrûne jier net te kleien, in protte minsken kamen dêr om te fiskjen, út eigen doarp mar ek út stêden en doarpen om ús hinne.
Wêz earlik wêr fyn’t men sa’n noflik plakje as by de haven yn Longerhou. Der binne hiel wat fisken fongen, werûnder ek snoeken, meastal waarden se efkes letter wer frijlitten.
Ek fan ‘e bankjes is wer in protte gebrûk makke, wat is no moaier as sitte by de haven genietsjend fan ‘e rest en al it moaie om jin hinne. Soms binne der ek fertrietlike dingen, sa fertelde in frou my dat se hjir faak mei har siet, mar dat dy der net mear wie, mar dochs kaam se wer nei de haven om ta rest te kommen mar no allinne.
De measte minsken fine it spitich dat se yn Longerhou net in bakje kofje of tee krije kinne.
Nei oerliz mei de twadde havenmaster hoopje wy dêr de kommende tiid feroaring yn te bringen. Wy kinne dan gebrûk meitsje fan it terras by de havenmaster en miskien e kit terras flak by de haven as de baas fan ‘e steankaravan it lije wol. By it krúswetter komt dan in boerd stean: ‘Nei Longerhou, de kofje stiet klear. Ôfrûne simmer haw wy it alris útprebearre, mear as acht gasten op in middei.
‘Wy tinke der ek oan om in boatsje yn ‘e haven te lizzen foar ferhier. Ôfrûne hjerst binne der gjin muskusrôten fongen yn ‘e haven. It jier derfoar wiene it noch in hiele protte, op in kear sieten der sels seis yn ‘e fuke. Dit jier bleau it by in pear fisken enin swietwetterkrab.
Yn oerliz mei de rôtefanger hat de havenmaster it rjocht de izeren fûke as it nedich is der foar in skoftke wei te heljen foar oaren is dit net tastien.
No’t wy it dochs oer de bistenboel hawwe, al trije jier is der gjin iisfûgel yn ‘e haven sjoen, wierskynlik komt dit troch de lêste frij strange winters. De iisfûgel hat iepen wetter nedich om iten te bliuwen. Ferloapich wurdt ôfsjoen fan it oanlizzen fan in briedplak foar dizze kleurrike fûgel.
De leste tiid de grutte wite riger gauris fiskjen flak by de haven. De ielriger is fansels in bekende gast, no de reade riger noch, al is dy kâns net sa grut. Foar de sangfûgels komme der dit jier twa nêstkaske by de haven.
Fan ‘e hjerst by ûnlijich-stoarmachtich waar is in waarlamke by Martin en Gemma tsjin de rúten flein. Gemma is mei it bist dat út é tiid wie by dokter Ruurd west fan ‘e fûgelwacht. Syn advys wie rêstich bekomme litte. It remedy holp en in skoftke letter is it waarlamke op eigen krêft wer fuortsetten.
Okkerdeis wie sels de sikenauto foar bisten by de haven. Net fier fan ‘e haven hie Gemma is swier ferwûne swaan fûn. It bist wie rekke troch ferskate kûgels út in loftbuks. Wêr dat bard is wit ik net, it wol my net oan dat soks yn Longerhou bard. Wierskynlik kaam der fan útens en hat besocht de feilige haven fan Longerhou te berikken. Neffes de krante giet it nei de operaasje no goed mei de swaan.
Ja foar minsken en bisten is it noflik wêzen yn en by de haven fan Longerhou, al tink ik dat de fisken en muskusrôten dêr it bytsje oars oer tinke.