DE BALLADE FAN LONGERHOU

It iis wie tsjok, it waeide prûs.
It wie yn sawn en fjirtich.
Der ried in kreas jongfaem nei hûs,
yn streken, lang en pittich.

In wite trui mei read poeha,
oan elke hân in wantsje,
in mûtske op har troelala,
mei kninefel op 't kantsje.

It lân wie wyt, de loft wie grau,
gjin waer foar berneweinen.
Nou giet in faem oer iis wol gau,
mar einen bliuwe einen.

It wie sa kâld, dat lâns de wei
elk lichemsdiel rampoai frear.
Lykas Gysbert Japicx ek al sei:
"Het is gewoon niet mooi meer."

Sa fyntsjes wie 't, sa kriperich,
dêr wie net oan te wennen.
De Stiennen Man waerd griperich,
en hie sels winterteannen.

De skiere snieloft stie nei snie.
De sinne wie hwat sinnich.
De faem, dy't twa en tweintich wie,
ried, sa't ik sei, allinnich.

Mar sjoch, doe 't yn 'e reiden hja
hwat dwaen moast....oan 'e rimen,
hwa streke doe op Geartsje ta?
De froastforjeijer Simen.

En as in warber fiskerman
ûntrôlle dy syn fûke:
"Hallo, hwat sizze jo derfan,
sil ik jo efkes lûke?"

Hy krige it klear. Jawis, hwat oars;
hwat is in faem allinne?
En frege mei syn reade noas:
"Hwer moatte jo einliks hinne?"

Sy molk har noas, en sei do": "Nou,
nei hûs fansels. Hwat tocht er.
Us heit is boer yn Longerhou,
en ik bin heit syn dochter."

Se rieden achttjin doarpen lâns,
en seis-en-fyftich sleatten.
Foar Cupido in sé fan kâns.
Hy hat de bêste sketten.

Se rieden krúslings, hwat dat wie
sa smûk, en goed tsjin 't fallen.
En dêr't se streken, roun de snie
as wetter fan 'e wâllen.

"Bist evengoed in reuzefint",
sa klonk it faek fansiden.
"Hwat leuk, hwat fijn. Ik sjong omtrint,
ja, dit is nochris riden."

Sa ried er mei syn rinkelbel,
it wetter om 'e kiezzen.
De bosken reiden bûgden del,
faek sûnder hwat te sizzen.

De reuzefint fornaem al gau,
se koe ek oargelspylje.
Se wie de fleur fan Longerhou,
en rounom siet famylje.

"Bist evengoed in reuzefint.
Ik sjit al"op. Oh. Blinder.
Dêr is it havenmonumint
fan Longerhou. Wy binn' der.

Se stoppen, en ja boun har ôf.
Oh, hwa sit dit biskruwe.
De spanning hong oer Longerhou,
mar woe net hingjen bliuwe.

"Nou, goeije. Sjoch, dêr wenje wy,
dat lytse reade rútsje."
"Moai, fijn sa", sei er, "blij om dy.
Jow my nou mar in tútsje."

"In tút? Hwatsei? In echte tút?
Us heit, dy soe wol roppe:
"To-loevert yn, to-lij wer út.
En my fan 't hiem ôfskoppe."

"Jim heit," spriek hy, "hat tritich kij,
en kin gjin tútsje risse?
Of kin men op in buorkerij
nou hielendal neat misse?"

Se sei: "Wy kinne dit petear
noch krekt foar achten slúte.
Ik bin in dame, wês jo hear.
Der wurdt troch my net túte."

"In tút", ropt hy, ën wurdt aktyf.
Dat ha 'k fortsjinne, blinder.
Ien lúzich tútsje is it taryf.
Ik doch it net foar minder.'

"Se stapte fuort....En dêr't se stie,
dêr foel de snie by tommen.
En by de wyn, dy"t útwaeid wie,
bigoun in stoarm to kommen.

Noch nea hie, as op dizze joun,
sa feal en skier de wrâld west.
Noch nea hie Simen, oars wol soun
sa trilderich en kâld west.

Hy koe der net goed by, mar oars:
hy hie syn bloed opdronken.
De wjerljocht spile 'm om 'e noas,
syn eagen skeaten fonken.

Hy rôp - doe't er wer prate koe -
sawn kear fan 'snotfordikke".
En biet, omdat er bite woe,
twa stikken út in hikke.

Doe socht er om syn rostich mês,
en kraeide as in hoanne,
en taestte nei syn lúsjefêrs,
en rôp: "De boel sil barne".

Mar beide wapens wiene thús.
Yn d' oare broek. Forgetten.
Doe skeat er fuort, hwat stiif fan krús;
dêr wie de kjeld yn sketten.

Syn pet gyng mei syn hier oerein.
Hy skriemde hagelstiennen.
En oer de baen, it hiele ein,
rinkinkelen de triennen.

Hy sloech de skossen út 'e baen,
en rekke op 'e kletter.
En doe 't er by in brêge kaem,
fleach hy himsels topletter.

De plysje liet de saek blau-blau,
de brêge is wer makke.
Mar sûnt dy tiid is Longerhou
foargoed yn oansjen sakke.

Noch sit yn 't izer syn profyl,
en, dêr't de ferve swart is,
sjocht elk, hwat yn Eksmoarstersyl
yn sawn-en fjirtich bard is.

De faem kaem nea it hûs wer út.
It spûket lâns de kimen.
By jountiid heart se: "Tút-tút-tút,
hwer bliuwt de tút foar Simen?"


‘Sjouk fan Longerhou’

 


Yn Longerhou dêr wennet in faam,
dy't opnimt tsjin de sinne.
Want nea noch seach  ik eagen sa klear,
as by dy faam dy allinne.
Refrein:
Dy faam sa kreas, dy faam sa kein,
dy swar ik ivich trou,
want nea noch  seach ik eagen sa klear,

as by Sjouk fan Longerhou.

It ljocht, de wyn, de blommen har geur,
dy binn' oan har besibbe.
O, fûgels bring myn wurden har oer.
Hja is myn doel yn it Libben.
Refrein
In spylman biedt jim net folle
oars as lûden dy't fersilje
Mar ik krij myn kâns as 'k aanst yn it doarp
oan har doar fol ferwachting skilje.
Refrein