Doarpslieten fan Skettens en Longerhou

 

IT SKETTENSER

DOARPSLIET                           

Tusken bou en griene greiden

 

wize: Eala fria Fresena                             Leit it doarpke mei syn toer

                                                            Mei de húzen en de skoallen

 

                                                          Eaget men de fjilden oer

 

                                                          Sjocht men 't fé sa fredich gean

 

                                                          En de pleatsen rounom stean.

 

Tusken Ofslútdyk en Boalsert

 

Mei it stedsje tige nei                            Minsken sjong,.........

 

Leit ús moaije doarpke Skettens

 

Tichte by de greate wei.                        Warbre minsken dy't hjir wenje

 

Hwer ik stean of hwer ik bin                 Dy't de tiid fan nou forstean

 

Skettens is my faek yn 't sin.                   Driuwe saken dy't goed leanje

 

                                                          Derom oeral hinne gean

 

Minsken sjong, minsken sjong,                     't Wurk soms hawwe tichteby

 

minsken sjong 't nou dan ek mei                   Mar faeks ek om útens krij.

 

Minsken sjong, minsken sjong,

 

Skettens leit ús tige nei.                              Minsken sjong,........

 

 

 

Tusken nou en 't lang forline                  Skettens is ús thús en libben

 

Dat it doarpke hjir sa stie                       't Wennet der ek och sa goed

 

Eartiids boud op hege terpen                 Tusken freon en tusken sibben

 

En der wetterkearing wie.                      Mei syn wille en syn noed

 

Mochten ieuwen hinne gean                   Dy forjitte doch ik nea

 

Skettens bliuw hjir noch bistean.             Doarpke yn it Fryske gea.

 

 

 

Minsken sjong,........                                   Minsken sjong,.........

 

 

 

 

 

LONGERHOUSTER FOLKSLIET  Yn beammeskaed biskûle                   Gjin Dútskers yn 'e oarloch
Leit 't lytse Longerhou;                      Gjin Kanadees binei,
Mids fé en blomm' en greide.             It greate wrâld-gebeuren
In byld fan rêst en trou.                     Giet meast oan ús foarby.
In tuorke -wrak, mar dimmen            Mar deis, yn 'e iere moarntiid
In tsjerkje stil troch rêst,                     Rûst 't liet fan 't wurk hjir al;
Hwat pleatsen der om hinne,             Fan fé en groun en minsken
Hwat huzen noch d'r neist.                En dinkjes sûnder tal.
Fredich, stil Longerhou!                         Fredich, stil Longerhou.
Dou doarpke, lyts mar krigel,                 Dou doarpke. lyts mar krigel,
Myn hert, dat bliuwt dy trou.                  Myn hert dat bliuwt dy trou.

Gjin winkels en gjin bakker,              Fan séën, skaed en lannen.
Mar wol in pastorije,                        Lûkt mannich hert nei dy;
In timmersaek - in ferver -               Dyn tuorke en dyn pleatsen
Fourage foar de kij.                         Dyn greiden en dyn kij,
In molkwein oan it dykje,                 Bliuw' yn dit jachtsjend libben
In skiep op 't buorremêd;                 Noch lang in sté  fan rëst,
De slachter komt fan utens,               Jewieltsje yn 'e greiden;
De dokter út 'e stêd,                        Us Fryslân op syn bêst.
Fredich, stil Longerhou,                         Fredich, stil Longerhou,
Dou doarpke, lyts mar krigel,                 Dou doarpke, lyts mar krigel,
Myn hert, at bliuwt dy trou.                   Myn hert dat bliuwt dy trou.

 

 

 

Fryslân, Skettens, efter de brêge

It is de boer allike folle
oft de ko skyt of de bolle.
Dat stiet by Van Gosliga te lêzen.

Bin ik by Jos of by Tjitte,
wat makket it út
as ik mar yn Skettens hoef te wezen.

Ik kom út Skettens, efter de brêge,
it liket krekt of dêr de sinne altyd skynt.
Ik kom út Skettens, de hege brêge,
in echte Fries begrypt wat my oan Skettens bynt.

Sjoch ik de boatsjes, en de brêge
mei de nije namme op it boerd: DE DRAAI.
Sjoch ik de greiden, kij en kealtsjes
no dan tink ik, né ik gean hjir noait wer wei.

Ik kom út Skettens, efter de brêge,
it liket krekt of dêr de sinne altyd skynt.

Wat moat ik no bûten Fryslân,
né, brûk doch dyn ferstân,
dan mis ik dat moaie skjinne wetter.
It bliuwt foar my, fryslân boppe,
Hollân yn ‘e groppe
en de Fryske taal dat leit my better.

Ik kom út Skettens, efter de brêge,
it liket krekt of dêr de sinne altyd skynt.
Ik kom út Skettens, de hege brêge,
in echte Fries begrypt wat my oan Skettens bynt.

Sjoch ik de boatsjes, en de brêge
mei de nije namme op it boerd: DE DRAAI.
Sjoch ik de greiden, kij en kealtsjes
No dan tink ik, né ik gean hjir noait wer wei.

Ik kom út Skettens, efter de brêge,
it liket krekt of dêr de sinne altyd skynt.
It liket krekt of der de sinne alyd skynt.

 


It lytse doarpke oan de rûte

De nacht is ferdwûn, stadich komt wer de sinne
de moarnsdize leit oer it lân.
En hûnderten minsken ja minsken dy't rinne
se hawwe de nachtrêst al hawn.
Se geane op paad d'Alvestêdentocht lâns
en se sette yn kloften úteion.
It paad liket leech, mar der binne wol minsken
dy't wachtsje by sinne en rein.

Refrein:
Dêr yn dat doarpke sa lyts oan 'e rûte,
dêr binne minsken gelyk en tichtby
dêr yn dat doarpke sa lyts oan 'e rûte,
dêr telt it jild, of watst bist, net mear mei.

Krekt Boalsert foarbij, dêr komt Skettens yn sicht.
'k Sjoch de tsjerke, de terp en de toer.
En midden yn 't doarp stiet it hûs fan frou Koops.
No, se ha dêr in soad foar ús oer.
De rinners gean sitten, wat drinke en ite
in praatsje, in drop, de WC.
De froulju fan Skettens dy sean foar ús klear.
Ja yn Skettens is 't altyd okee.

Sa'n doarpke yn Fryslân, der binn' der sa'n protte
se lizze sa fredich der bij.
De rinners genietsje, wat is it hjir prachtic
sa tusken de greiden en kij.
Dit doarp sa bysûnder, sa lyts en sa eigen,
de minsken se binne gewoan.
Ik kom op myn tocht troch in hiel protte plakken
mar Skettens spant altyd de kroan.